Fryslân gasthear foar EFA

22 mrt 2012 - 17:29
  • EFA-kongres

It EFA-kongres hat 160 ynternasjonale dielnimmers foar in konferinsje fan de European Free Alliance. It giet om politike minderheden út 37 Europeeske regio's. Tongersdei kaam de earste groep byinoar op proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Goutum. Dêr wurdt it Europeeske lânboubelied bepraat.

Mar se wolle ek dat de ynkomsten fan gaswinning yn Fryslân werom gean nei de regio. Under oaren Basken, Hongaren, Skotten, Katalanen en Korsikanen binne oant en mei sneon yn Fryslân op útnoeging fan de FNP.

De bedoeling fan it jierlikse kongres is om fan inoar te learen hoe't de belangen fan minderheidsregio's it bêste behertige wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)