Fryslân bûtenspul by akkoart

23 des 2011 - 12:40
  • Deputearre Johannes Kramer

Fryslân stiet foarearst oan de kant yn it oerlis fan de provinsjes mei steatssekretaris Bleker oer it natuerakkoart. In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat Bleker it akkoart trochfiert mei de provinsjes dy't 'ja' sein ha tsjin de ôfspraken, wêrby't it Ryk de soarch foar de natuer oerdraacht oan de provinsjes.

Fjouwer provinsjes ha oant no ta 'nee' sein tsjin it akkoart. Noard-Brabân, Grinslân, Drinte en Fryslân fine it net goed genôch. Flevolân twifelet noch.

De tsjinstanners fine ûnder mear dat der te min jild beskikber komt. Dochs wol deputearre Johannes Kramer begjin takom jier wer yn petear mei steatssekretaris Bleker oer de ûntstiene ympasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)