Frysktalige test foar âlderein mei demintens

12 nov 2015 - 22:38

Aldereinsoarchorganisaasje ZuidOostZorg hat yn de mande mei GGZ Fryslân en de Afûk, in Frysktalige demintenstest ûntwikkele. It giet om in oersetting fan de demintenstest Minimal Mental State Examination. It is neffens ZuidOostZorg hiel wichtich om tichtby de minsken mei demintens te stean.

Mei in test yn de Fryske taal is dat it gefal. De metoade bestiet út alve fragen op it gebiet fan ûnder oaren ûnthâlden, plannen, rekkenjen en taal. Op basis fan de útkomsten kin de soarchprofessional in ynskatting meitsje fan it stadium fan demintens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)