Frysktalich pjutteplak Easthim

04 feb 2005 - 13:39

Pjutteboartersplak De Himsterhummels fan Easthim yn Wymbritseradiel slút him oan by Stifting Pjutteboartersplak, de Fryske koepel foar Frysktalich pjuttewurk. De liedster komt yn fêste tsjinst fan dy stifting.

De Himsterhummels sille no ek meidwaan oan it sertifisearringstrajekt foar Frysktalige en twatalige deiferbliuwen en boartersplakken. Op dit stuit binne der 28 Frysktalige en twatalige ynstellings dy't hjir oan meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)