Fryskpratend jiskefet

18 nov 2003 - 00:00

De binnenstêd fan Ljouwert hat der fan desimber ôf in trijetal spesjale ôffalbakken by. Ien dêrfan seit 'tige tank' as der wat ynsmiten wurdt. De oare bak praat Nederlânsk en wer in oarenien makket lûd fan in jiskemasine.

De jiskefetten komme te stean op it Aldehoustertsjerkhôf, op 'e Beursbrêge en op 'e Prins Hindrikbrêge. Op 3 desimber wurdt it earste fet feestlik yn gebrûk nommen. De bakken moatte benammen de bern oansprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)