Fryskerbussen noch net klear

24 apr 2007 - 12:37
  • It is noch ûndúdlik wannear't de Fryskers ynset wurde

It is noch altyd ûndúdlik wannear't ferfiersbedriuw Connexxion ride kin mei de nije Fryskers. De lytse buskes binne ôfkard, omdat de remmen net doogden. De Fryskers hiene begjin ferline wike mei yngong fan de nije tsjinstregeling ride sillen.

Bussebouwer Berkhof fan it Hearrenfean besiket de bussen sa gau mooglik klear te krijen. Yn Ljouwert wie tiisdei in Frysker te sjen dy't goedkard is. De oare 112 moatte ek no ek noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)