Fryske ynset by sykaksje Texel

30 apr 2012 - 06:44
  • SAR

De rêdingsboat fan Flylân en in SAR-helikopter fan de Ljouwerter fleanbasis hawwe sneintemiddei meidien oan in grutte sykaksje by Texel. Oan it begjin fan de middei melde de bemanning fan in skip dat it in mêst mei seil driuwen sjoen hie. Dêrop waard de sykaksje begûn.

By de sykaksje waard gjin sylskip fûn. Doe't letter de mêst en it seil burgen wiene die bliken dat dy nei alle gedachten fan in skip wiene, dat healwei dizze moanne syn seil en mêst ferlear. Der wurdt noch wol fierder ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)