Fryske ynbring Art Amsterdam

26 maaie 2010 - 14:04

De grutte moderne keunstbeurs Art Amsterdam hat in Fryske ynbring. Der dogge goed hûndert galeryen mei. Trije dêrfan komme út Fryslân. Op de beurs is fiif dagen lang in ferskaat oan keunst te sjen. In opfallende dielnimmer is museum Belvédère. De beurs is foaral foar galeryen. It museum lit wurk sjen fan Benner, Robert Zandvliet en Jan Snijder.

Fierder lit Kunstruimte Wagemans fan Beetstersweach wurk sjen en Galery Smarius hat wurk fan Dolph Kessler.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)