Fryske winkeldieven yn Grins

22 jan 2011 - 15:39

Twa winkeldieven út Ljouwert binne freedtejûn yn Grins oanhâlden. Befeiligingsmeiwurkers fan in winkel oan de Grote Markt warskôgen de plysje dat der guod stellen wie. Oan de hân fan it sinjalemint koe in 41-jierrige man oanhâlden wurde. Dy hie stellen klean ûnder syn jas ferstoppe. De man waard meinaam nei it plysjeburo.

De twadde dief melde him dêr letter sels. It giet om in 30-jierrige Ljouwerter. De manlju bekenden dat se de klean stellen hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)