Fryske wettersportbedriuwen tefreden oer Hiswa Amsterdam

16 mrt 2015 - 12:01
  • De stand fan Zeilscholenfriesland.nl

Fryske bedriuwen dy't op wettersportbeurs Hiswa yn Amsterdam stiene, sjogge mei tefredenheid werom op it evenemint. Guon ferwachtsje dat de beurs harren klandyzje opsmite sil.

It tema fan de 60e Hiswa wie nostalgy. De organisaasje hie dêrom in pear bedriuwen útnoege dy't âlde boaten delsette woene, lykas Holiday Boatin - Doerak Sneek. Zeilscholenfriesland.nl hie ien fan de grutste stands fan de beurs. De Hiswa wie fan woansdei oant en mei ôfrûne snein. De wettersportbeurs yn 'e RAI luts oer de 43.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)