Fryske wethâlders ûndertekenje brânbrief tsjin besunigings

10 nov 2015 - 13:54

Acht Fryske wethâlders fan finânsjes meitsje har grutte soargen oer de gefolgen fan de besunigings dy't minister Plasterk trochfierd hat op ûnder oaren de jeugdsoarch en de húshâldlike help foar âlderen.

De acht hearre by in groep fan 234 finansjele wethâlders dy't de minister in brânbrief stjoerd hawwe. Dêryn wize se op de gefolgen fan opienfolgjende besunigings foar de ynwenners fan har gemeente.

De brief, dy't yn hannen kaam is fan krante NRC, is fanút Fryslân ûndertekene troch de wethâlders finânsjes fan acht gemeenten:

  • Dantumadiel 
  • Dongeradiel 
  • De Fryske Marren 
  • Littenseradiel 
  • Menameradiel 
  • Opsterlân 
  • Skylge 
  • Tytsjerksteradiel.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)