Fryske wenningmerk sit wer yn de lift

19 feb 2016 - 20:55

It liket hieltyd better te gean mei de wenningmerk yn Fryslân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ABN AMRO. Benammen keapwenten yn Ljouwert en op It Hearrenfean dogge it goed. Der wurde wer hieltyd mear fergunningen ôfjûn foar kavels en nije wenningen. Foaral yn de Súdlannen en Blitsaerd bestiet in soad belangstelling. Dêrneist is dit ek yn de omlizzende doarpen, lykas Wergea en Grou it gefal. Mar ek de produksje fan gebouwen sit yn de lift.

Neffens wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert sil de finansjele posysje fan de gemeente dan ek bot ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)