Fryske weblogger wint priis

28 feb 2005 - 16:43

De Fryske weblogger Jacco de Boer út Ljouwert hat sneontemiddei in Dutch Bloggie wûn yn 'e kategoary 'bêste muzieklog'. In weblog is in ynternetdeiboek oanfold mei links en bylden. De Boer hat syn priis krigen foar syn muzieklog Retecool/luister.

De Dutch bloggies waarden sneon útrikt yn Den Haach. Nei nominaasjes troch in sjuery, waard troch in stimming op ynternet útmakke wa't in Dutch bloggie wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)