Fryske VVD'er 31ste op list

31 aug 2006 - 06:14

Der stiet net ien Fries op in ferkiesber plak fan de VVD-list foar de Twadde Keamer. De Fryske kandidaat Tom Kuperus stiet 31ste. Hy wurket as adviseur fan steatssekretaris Schultz en wennet yn Leiden. Kuperus komt fan Grou en wol werom nei Fryslân om him te profilearjen as Frysk Keamerlid.

Arno Brok, foarsitter fan de VVD yn Fryslân is tefreden mei de kandidatuer fan Kuperus en rekkent derop dat er foar de VVD yn 'e Keamer komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)