Fryske Vuelta bliuwt wif

01 nov 2012 - 20:33
  • Vuelta

De provinsje Fryslân wol noch net reagearje op it feit dat Drinte him weromlutsen hat út de organisaasje fan de Vuelta. De Ronde fan Spanje soe yn 2015 ek Fryslân oandwaan, mar dat liket no faai te stean.

In wurdfierder fan deputearre Hans Konst jout ta dat de provinsje him no beriede moat op syn posysje. Undúdlik is oft Fryslân noch de 20.000 euro beskikber stelle sil foar in helberheidsûndersyk. Der binne oare gadingmakkers foar de organisaasje fan it Nederlânske stik fan de Vuelta, û.o. Noard-Brabân mei startplak Breda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)