Fryske VMBO-skoallen wiis mei ekstra jild

15 des 2014 - 13:25

Fryske VMBO-skoallen binne wiis mei de ynvestearring fan goed 5 miljoen yn it VMBO. It ekstra jild moat der foar soargje dat learlingen better witte wat harren takomstige baan ynhâldt. Neffens steatssekretaris Sander Dekker fan ûnderwiis is der no te min omtinken foar de praktyk. Hy wol dat it bedriuwslibben in gruttere rol krijt yn de opliedings.

Yn Fryslân wurkje skoallen al jierren oan in bettere oansluting mei MBO's en it bedriuwslibben. Sa krijt it bedriuwslibben better personiel en meitsje minder learlingen in ferkearde beropskar.

Dekker makke syn plannen foar in ferbetteringsslach yn it VMBO moandei bekend yn in brief oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)