Fryske Veendamspilers wurkleas

25 mrt 2013 - 14:19
  • Logo SC Veendam

De Fryske fuotballers Theo Timmermans en Jelle Wagenaar moatte op syk nei wat oars. Harren klup Veendam is moandei fallyt ferklearre. De klup is der net yn slagge om it nedige bedrach fan 1 miljoen euro byinoar te krijen. Dêrmei ferdwynt Veendam út it betelle fuotbal.

It mooglike fallisemint waard moandeitemoarn al melden troch RTV Noard en it Deiblêd fan it Noarden. Op in parsekonferinsje om twa oere waard de offisjele meidieling dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)