Fryske Van Gogh-ballon docht mei oan rekôr yn Frankryk

28 jul 2015 - 16:05
  • It ballonfestival yn Chambley yn Frankryk

Yn Frankryk is tiisdei in rekôrdtal ballonnen de loft yn gien. Mar leafst 433 ballonnen fleagen tagelyk boppe Chambley. Se ferbrutsen dêrmei it âlde rekôr dat op 391 stie. Fryske ballonfaarders hawwe ek meidien oan de rekôrflecht. Ien fan harren is de Jouster Ynte Kuindersma. Hy is mei syn Vincent van Gogh-ballon nei Frankryk ôfreizige.

De Van Gogh-ballon makket woansdei ek noch in flecht boppe Frankryk. Dan giet er nei it doarpke Auvers-sur-Oise, dêr't woansdei 125 jier ferlyn Vincent van Gogh ferstoarn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)