Fryske universiteitscampus is wer in stapke tichteby

14 okt 2015 - 17:30
  • It momint fan de oerienkomst oer de University College Fryslân
  • Fryslân, de gemeente Ljouwert en de Ryksuniversiteit Grins binne it iens wurden oer de opset en de finansiering fan de Campus Fryslân

Fryslân, de gemeente Ljouwert en de Ryksuniversiteit Grins binne it iens wurden oer de opset en de finansiering fan de Campus Fryslân, de alfde fakulteit fan de universiteit Grins yn de stêd Ljouwert. It is it doel dat Campus Fryslân yn seis jier tiid útgroeit ta in kolleezje mei tsien masterstúdzjes, 50 promovendy en sa'n tûzen studinten.

De provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert ynvestearje tegearre sa'n 20 miljoen euro yn Campus Fryslân. Fryslân sil 16,8 miljoen euro ynvestearje en de stêd Ljouwert 3,3 miljoen.

Dat jild is nedich omdat in nije universiteit yn de oanrinfaze in soad kosten makket en noch net folle fertsjinnet, seit deputearre Sander de Rouwe. De Ryksuniversiteit ynvesteart net yn jild mar yn minsken en stúdzjeprogramma's. De ynvestearring komt wer werom as der, nei ferrin fan tiid, foldwaande studinten binne.

De partijen hawwe in ôfspraak makke foar de lange termyn. De Campus Fryslân bliuwt op syn meast fyftjin jier yn Ljouwert, mar professor Poppema fan de Ryksuniversiteit Grins giet der fan út dat de Campus Fryslân in noch folle langere takomst hawwe sil.

Campus Fryslân biedt op dit stuit de masterstúdzjes wettertechnology, enerzjy en meartaligens. It is it doel dat hjir op koarte termyn de stúdzjes bestjoerskunde en feiligens, food & nutrition en toerisme bykomme. De Ryksuniversiteit Grins is yn de nije opset einferantwurdlik foar Campus Fryslân. Yn de âlde opset mei de namme UCF - Universitêre Campus Fryslân - wie dat noch net sa. De partijen ferwachtsje dat Campus Fryslân yn de nije opset folle flugger groeie sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)