Fryske ûnderwiisprizen útrikt

10 feb 2011 - 16:58

Basisskoalle It Holdersnêst op 'e Harkema hat tongersdei de Fryske ûnderwiispriis krigen. De twajierlikse priis is foar skoallen dy't ynspirearjend les jouwe. It Holdersnêst wûn mei in projekt dêr't bern en âlders in lytse ûndernimming yn har buert opsette moasten.

Yn de kategory fuortset ûnderwiis gie de priis nei it Marne Kolleezje yn Boalsert. De prizen foar beide winners bestiet út in byld en in jildbedrach fan 7000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)