Fryske ûndernimmers wer stik positiver oer de takomst

20 aug 2015 - 10:34

Fryske ûndernimmers bin in stik positiver oer de takomst. Dat docht bliken út de COEN-sifers, de barometer ûnder ûndernimmers. Foar it earst sûnt it begjin fan de krisis yn 2008 bin alle sektoaren posityf stimd oer de takomst. De ferwachting is dat de ekonomy dit jier fierder oanlûke sil. Yn Fryslân wurdt, nei Noard-Brabân, de grutste groei yn de wurkgelegenheid ferwachte.

Benammen yn de bousektor wurdt in soad ekstra wurk ferwachte. Wat opfalt is dat de eksport bot ôffalt. Dy wurdt nochal beynfloede troch de Russyske boykot.

It giet ek better mei de wurkgelegenheid. In soad bedriuwen tinke der oan om nije minsken oan te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)