Fryske turners yn foarseleksje

25 jun 2010 - 15:51
  • Epke Zonderland

Turners Epke Zonderland, Michel Bletterman en Arjen Butter binne opnommen yn de foarseleksje foar it WK turnjen. Yn totaal binne der alve turners selektearre. Der is eventueel noch in wild-card foar Yuri van Gelder. Uteinlik mei Nederlân sân turners ôffeardigje nei it WK dat yn oktober yn Rotterdam hâlden wurdt.

By de froulju binne fan TSH Hearrenfean trije turnsters selektearre. It giet om Celine van Gerner, Joy Goedkoop en Suzanne Harmes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)