Fryske turners yn foarseleksje

03 apr 2012 - 11:02

Turners Arjen Butter en Michel Bletterman fan turnskoalle It Hearrenfean binne opnaam yn de foarseleksje fan it EK yn Montpellier. Dat hat bûnscoach Mitch Fenner tiisdei bekendmakke. Yn totaal binne der 11 turners selektearre, wêrfan der úteinlik noch seis ôffalle.

Epke Zonderland, Jeffrey Wammes en Yuri van Gelder binne al wis fan dielname oan it Europeesk kampioenskip yn Frankryk. Op 28 april wurdt de defintive seleksje bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)