Fryske tsjerken nominearre

23 feb 2013 - 10:38
  • OLV-Hemelvaart, Wytgaard

Wat is de moaiste sloopte tsjerke fan Nederlân? Mei dy ferkiezing komt it Nederlands Dagblad. It giet om tsjerkegebouwen dy't der dus net mear binne. Trije Fryske tsjerken binne nominearre. De Onze-Lieve-Vrouwe Hemelvaart fan Wytgaard, de eardere menistetsjerke fan Harns en de Skoatterlânske tsjerke op It Hearrenfean. De krante wol mei de ferkiezing de oantinkens oan de tsjerken libben hâlde, mar hopet ek dat it in warskôging is foar eventuele takomstige sloopplannen foar tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)