Fryske tsiis yn race om priis

27 sep 2011 - 19:29

De Tynjetalertsiis fan tsiisbuorkerij De Gelder fan De Tynje makket kâns om de Smaak van NL-ferkiezing te winnen. De Gelder is ien fan de lêste seis finalisten foar de ferkiezing. Alle jierren wurdt in produkt mei in bysûndere smaak as bêste fan Nederlân keazen. De boeretsiis fan De Gelder striidt om de ûnderskieding mei biologyske pasta, in asperzjebitterbal, knyflokpuree, bôle en paprika-iis. Op 22 novimber wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)