Fryske troubadour op EuRockolor

14 des 2001 - 00:00

De Fryske troubadour Hedzer Tijtsma fan Ljouwert spilet freedtejûn yn Brussel op it EuRockolor-festival. EuRockolor is it festival foar de anti-globalisten en de oare demonstranten by de Europeeske top fan Laken. Tijtsma is leadsjonger fan 'e Frysktalige band Cormick.

Op EuRockolor binne njonken Tijtsma ek groepen te sjen út Armenië, Noard-Ierlân en Flaanderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)