Fryske triller 'Bak' yn premjêre yn Cinema Ljouwert

02 mrt 2015 - 21:05
  • Fryske triller 'Bak'

De Fryske spylfilm 'Bak' is moandeitejûn yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premjêre gien. It is in triller dy't basearre is op de koarte roman 'Bak' fan Sietse de Vries. Dy ferskynde yn 2012 as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek.

De film mei akteurs Joop Wittermans en Joke Tjalsma yn de haadrollen giet oer Sjerp Bak, stedsferslachjouwer by de Ljouwerter Krante, dy't in gemeenteriedslid fermoardet. Syn libben wurdt yngewikkeld as er sels ferslach dwaan moat fan it moardûndersyk.

De tv-searje is yn maaie op Omrop Fryslân te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)