Fryske treinen goed op 'e tiid

22 des 2008 - 12:15

De treinen yn Fryslân ride hieltyd faker op 'e tiid. Dat docht bliken út provinsjale sifers oer it tredde fearnsjier fan 2008. Fergelike mei 2007 is der folle minder ritútfal.

97,8 persint fan alle treinen giet op 'e tiid fuort en hast likefolle komme op 'e tiid oan. Ek is yn 'e lêste moannen fan 2008 it tal reizgers yn regionale bussen en treinen tanommen. Sa lûkt de Q-Liner 17 % mear reizgers. It tal klachten oer it iepenbier ferfier is tebekrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)