Fryske trampolinebouwer ferkeapet oant yn Dûbaï ta

20 okt 2015 - 12:08
  • Trampolinehal fan Sidijk

It Feanster bedriuw Sidijk giet de wrâld oer mei syn trampolines. Yn july is yn Nieuwegein in park iepene mei 45 trampolines. Mei 2000 fjouwerkante meter is dat it grutste trampolinepark fan Europa. De trampolinehal lûkt in soad bûtenlânske belangstelling. Sa hat in bedriuw yn Dûbaï in trampolinekoai kocht, giet fan 'e wike in trampolinepark iepen yn Frankryk en begjint yn desimber de bou fan in trampolinepark yn Berlyn.

Sidijk is sûnt 1978 dwaande mei produkten dêr't lucht- en/of skûm yn sit.

De iishal fan Thialf en de Alvestêdehal hawwe luchtkessens fan Sidijk om reedriders dy't út de bocht fleane, op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)