Fryske toulûkers twadde op WK

28 feb 2010 - 18:03

De toulûkers fan It Heidenskip binne yn it Italiaanske Cesenatico by de wrâldkampioenskippen foar lanneteams yn de klasse oant 680 kg twads wurden.

De earste wedstriid tsjin Ingelân einige yn in lykspul. Yn de twadde wedstriid wie Ierlân de tsjinstanner. It Heidenskip wûn dy striid en stie yn de finale. Mar yn 'e finale wie Skotlân folle sterker as de Fryske ploech, sadat it úteinlik op in twadde plak yn it einklassemint foar de Friezen útdraaide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)