Fryske toppers net nei Finlân

17 feb 2010 - 15:09
  • It is glûpende kâld yn Kuopio (foto: KNSB)

De maratonploegen fan BAM en Renault dogge sneon net mei oan de lêste grutte wedstriid - de Grand Prix finale oer 200 kilometer - yn Kuopio. Yn Finlân is it op dit stuit glûpende kâld, ek op de wedstriiddei wurde der temperatueren fan dik ûnder de 20 graden ferwachte.

Ploechlieder en trainer Jillert Anema hat woansdei it beslút nommen om net ôf te reizgjen. Bob de Vries, Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma, Willem Hut en Bertjan van der Veen bliuwe thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)