Fryske topkok Jan Smink klear foar Bocuse d'Or

22 jan 2015 - 16:12
  • Assistint Rogier Peeters is klear foar de Bocuse d'Or

It team fan topkok Jan Smink is klear foar de grutte kulinêre wedstriid Bocuse d'Or yn it Frânske Lyon. It team krige te meitsjen mei grutte tsjinslach. Sa rekke assistint Lars Aukema ferwûne en moast ferfongen wurde troch Rogier Peeters.

Snein reizget it Fryske team mei it fleantúch ôf nei Frankryk. De Bocuse d'Or kin sjoen wurde as it wrâldkampioenskip foar sjef-koks en begjint nije wike moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)