Fryske top 100 slacht oan

23 nov 2004 - 10:43

De Fryske muzyk top 100 slacht tige oan by it publyk. It ôfrûne wykein waard al foar de twatûzenste kear stimd. Ferline jier stimden goed 1200 minsken op de (doe noch) top 40.

De top 100 wurdt op Aldjiersdei folslein útstjoerd tusken 09.00 en 18.00 oere. Alle stimmers kinne oant de Krystdagen har top 5 kwyt op de website fan Omrop Fryslân. De muzykredaksje fan Omrop Fryslân ferwachtet dit jier op syn minst 3500 stimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)