Fryske Top 100 is hacked

12 des 2013 - 15:15
  • De Fryske Top 100
  • Piter Wilkens

De Fryske Top 100 is hacked. Der kamen mar leafst 1500 stimmen binnen foar it nûmer 'Bernlef Boppe' fan Piter Wilkens. Dy kamen allegearre fan deselde ynstjoerder, sa ûntduts de muzykredaksje fan Omrop Fryslân.

Achter de aksje siet in lid fan de Fryske studinteferiening Bernlef. De feriening woe wol graach dat it nûmer 'Bernlef Boppe' yn de top 100 kaam, en de ynformatika-studint út De Wylgen holp efkes in hantsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)