Fryske Top 100: Die Twa op nûmer 1, Marsum Ahoy op nûmer 3

31 des 2015 - 17:54
  • Die Twa yn de studio fan Noardewyn Live

De Fryske Top 100 fan 2015 hat in ferrassend ein krige. Sa is der in nije nûmer 1: 'Fûgels' fan Die Twa. En dat is in moai ôfskiedskado foar Krijn en Jacob Dijkstra. It duo hâldt der nei dit jier mei op. Se sieten de hiele dei al yn spanning. "Ik sit te triljen op de bank", sei Krijn. Mar krekt foar seizen kaam dan it ferlossende wurd. "Machtich, geweldich". Op it twadde plak stiet de nûmer 1 fan ferline jier: 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra. Mar de grutste ferrassing is de nûmer 3: de âldjiersploech fan Marsum mei 'Marsum ahoy'.

Missy slagge

De âldjiersploech fan Marsum hie in nûmer opnaam mei de band Van Wieren. Dêrnei waard in hiele kampanje opsetten om 'Marsum ahoy' yn de Fryske Top 100 te krijen. Dat is mear as slagge. "Nûmer 3, wa hie dat tocht. Hjir binne wy harstikkene wiis mei, top gewoan!", wie de reaksje fan Thomas fan de âldjiersploech fan Marsum.

Soad nije binnenkommers

Opfallend oan de list fan 2015 is dat der in protte nije binnenkommers binne, lykas Arnold Postma. Hy stiet op nûmer 21 mei it ferske 'Mei ik dan by dy'in Fryske oersetting fan de hit fan Claudia de Breij 'Mag ik dan bij jou'. Der binne alve nije nûmers yn de list dit jier en dêrneist binne der fiif nûmers weromkaam dy’t al earder yn de top 100 stien hawwe. Ek yn de top 10 binne twa nije binnenkommers te finen. De grutste stigers fan 2015 binne ‘Libben nei de leafde’ fan Vangrail, fan plak 64 nei 27 en ‘Nim my mei’ fan Mink, fan plak 97 nei 60. Piter Wilkens is mei alve solo’s en ien nûmer mei SimmerTime de meast notearre artyst.

Folsleine top 10

Tradisjoneel waard de folsleine Fryske Top 100 útstjoerd op âldjiersdei op Omrop Fryslân Radio. De top 10 sjocht der sa út:

  1. 1. Fûgels – Die Twa
  2. 2. Cliffs of Moher – Gurbe Douwstra
  3. 3. Marsum ahoy – Âldjiersploech Marsum ft. Van Wieren
  4. 4. Marije Maria – Reboelje
  5. 5. In groet – Johannes Rypma
  6. 6. As it myn tiid is – Gurbe Douwstra
  7. 7. It bûthúsbankje – Wiko’s
  8. 8. In part fan dy – Marcel Smit & Gerbrich van Dekken
  9. 9. Fries om útens – Rolling Home
  10. 10. In nije dei (live) – De Kast

Noch net earder waard der sa faak stimd foar de Fryske Top 100. Der waarden 37.500 stimmen útbrocht, fanút 26 ferskillende lannen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)