Fryske TNT'ers wolle aksje

25 apr 2007 - 22:01

As der aksjes komme by TNT Post wurdt dêr yn Fryslân massaal oan meidien. Dat die woansdeitejûn bliken by in aksjegearkomst yn Ljouwert. Goed 70 leden fan it fakbûn BVPP wiene dêrop ôfkommen.

De leden meitsje harren ûngerêst oer de oankundige reorganisaasje by TNT-post. Yn Fryslân sille troch dy reorganisaasje tusken de 200 en 300 banen ferdwine. Lanlik gean der yn trije jier tiid 7000 banen ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)