Fryske test foar beroertepasjint

29 okt 2003 - 00:00

Frysktalige pasjinten dy't nei in beroerte wer leare moatte om goed te praten, kinne oer in jier as twa better holpen wurde. Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach ûntwikkelt yn de mande mei de universiteit yn Grins, in Frysktalige test foar dy pasjinten.

Mei de test wurdt besjoen hokker taalproblemen de pasjint oprûn hat. Dêrnei wurdt besjoen hokker behanneling nedich is. Oant no ta wie der allinnich in Nederlânsktalige test beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)