Fryske tariedings op Ebola

21 aug 2014 - 17:19
  • UMCG Grins

Yn it wrâldnijs giet it al tiden oer it deadlike Ebola-firus dat hieltyd mear slachtoffers makket yn West-Afrika. Yn Fryslân binne der ek minsken dwaande mei in eventuele útbraak. Mocht immen yn Noard-Nederlân siik wurde, dan moat hy of sy behannele wurde yn in spesjale romte fan it UMCG yn Grins.

Op it stuit wurdt der troch soarchferlieners yn it Noarden wurke oan in protokol foar it gefal it firus hjir útbrekt. Yn it UMCG yn Grins wurdt op it stuit al oefene mei spesjale beskermingspakken.

De kâns dat yn Nederlân werklik Ebola útbrekt, is lyts neffens arts-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan Izore, it Sintrum fan Ynfeksjesykten Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)