Fryske taal op GoogleTranslate

31 jul 2014 - 15:00
  • Google sykmasine

De Fryske Akademy hat kontakt mei Google om it Frysk op Google Translate te krijen. De Akademy ropt minsken dy't knap Frysk skriuwe kinne op om dêrby te helpen.

Dat kin troch fia in spesjale site fan Google Ingelske wurden en sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk. It is neffens de Fryske Akademy net de bedoeling dat de oersettings literêr binne. Ek moat goed tocht wurde om Hollanismen en typflaters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)