Fryske syltoppers yn topfoarm

07 des 2011 - 11:58

Pieter-Jan Postma stiet nei fiif races earste op it wrâldkampioenskip yn it Australyske Perth, Marit Bouwmeester stiet tredde. Pieter-Jan sylde woansdei yn de Finn nei twa kear in twadde plak en nei winst yn de fiifde wedstriid. Marit waard yn de Laser radial tsiende, twadde en earste. It tsiende plak is op dit stuit har ôflûkresultaat. De Belgyske Evi van Acker giet mei seis punten oan de lieding, Annalise Murphy fan Ierlân hat krekt as Marit Bouwmeester acht punten. Troch syn geweldige twadde syldei is Postma de nije koprinner. Nei it ôflûken fan it minste resultaat (20) hat er seis punten.

Op it wedstriidwetter by Perth binne ekstra feilichheidsmaatregels nommen omdat der in wite haai sjoen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)