Fryske sylteams sterk op WK

05 aug 2009 - 17:04

It Snitser Yngling-team fan stjoerman Tom Otte docht it poerbêst op it wrâldkampioenskip yn it Sweedske Kalmar. De regearend wrâldkampioen stiet nei fjouwer wedstriden op it twadde plak achter de Amerikaan Ingalls.

Om it Fryske feest folslein te meitsjen, it sylteam fan stjoerman Hidde Jan Haven fan Snits stiet fjirde. It team fan Christiaan Roukema fan It Hearrenfean stiet no op in fiifde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)