Fryske swimmers by maraton

12 aug 2000 - 17:17

By de Iselmarmaraton sneon hat foar it earst yn tsien jier wer in Fryske swimploech by de estafette meidien. De sportivelingen swommen fan Starum nei Medemblik, in ôfstân fan 25 kilometer.

De fiif estafetteploechleden wikselen elkoar nei fiif kilometer ôf. De Friezen waarden twad. De tocht is foar de 31e kear hâlden. Neist trettjin ploegen wienen der sân yndividuele dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)