Fryske supermerkboycot op AD

29 okt 2005 - 16:49

Tsien Super De Boer supermerken yn Fryslân ferkeapje net langer it Algemien Deiblêd. De supermerken ha besletten de krante te boycotten fanwege de oanhâldende negative ferhalen oer memmebedriuw Laurus.

Neffens inisjatyfnimmer Henk Machiela fan de supermerk yn Joure is it net slim as de parse negatyf oer it bedriuw skriuwt. It AD giet dêryn lykwols te fier, neffens him. Hoe lang as de boycot trochgiet is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)