Fryske súksessen paralympyske swimmers yn Eindhoven

10 apr 2016 - 23:01
  • Paralympysk swimster Liesette Bruinsma fan Wommels

Paralympysk swimmer Olivier van de Voort fan Elslo hat opnij it wrâldrekôr ferbettere op de 100 meter rêchslach yn syn klasse (S10). Hy die dit op de foarlêste dei fan de Swim Cup yn Eindhoven. It wie foar him de tredde kear op it toernoai dat hy it rekôr op dizze ôfstân ferbettere. De tiid stiet no op 58,48 sekonden, rom in sekonde flugger as foar it toernoai.

Paralympysk swimster Liesette Bruinsma fan Wommels ferbettere it wrâldrekôr op de 100 meter skoalslach yn har klasse (SB11).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)