Fryske suksessen op NBK 2013

07 des 2013 - 00:38
  • In fertsjintwurdiger fan Concordia Bûtenpost

De Nederlânske Brassband Kampioenskippen, dy't freed begûn binne yn Martiniplaza yn Grins binne goed ferrûn foar de Fryske dielnimmers. Yn de 4e divyzje gong de winst nei brassband 'Concordia' fan Bûtenpost ûnder lieding fan Richard Visser en yn de 3e divyzje wie it heechste sukses foar brassband 'Looft den Heer' fan Bitgummole ûnder lieding fan Paulus de Jong.

Brassband 'Concordia' fan Bûtenpost helle 91 punten op de komposysje 'Overture to Youth' fan Eric Hughes en brassband 'Looft den Heer' fan Bitgummole krige 94 punten fan de sjuery foar harren fertolking fan 'The Graces of Love' fan Oliver Waespi. Sneon komme noch 22 bands op it poadium. De winner fan de kampioensdivyzje sil Nederlân fertsjintwurdigje op de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn maaie 2014.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)