Fryske suksessen by maraton

29 des 2007 - 14:48
  • Bob en Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

Peter Baars út Nieuw Vennep hat sneon yn Assen de 13e wedstriid foar de Essent Cup wûn. Bêste Fries waard Jeroen de Vries fan Sint Nyk op in tredde plak. Bert-Jan van der Veen fan De Jouwer kaam as fjirde binnen. Bob de Vries fan De Haule liedt it klassemint (186 punten).

By de froulju wûn Maria Sterk fan Hallum. Marjon Spijkerman fan Sint Nyk waard twad. Elma de Vries fan De Haule liedt it klassemint by de froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)