Fryske stimwizer op kommendewei

23 jan 2003 - 00:00

Stemwijzer.nl, de provinsje Fryslân en Omrop Fryslân sille nije wike in Fryske stimwizer presintearje. De provinsje wol fia de eigen stimwizer de ferkiezings foar provinsjale steaten yn it omtinken bringe fan it publyk.

Alle provinsjes en regionale omroppen dogge oan de aksje mei. De Fryske stimwizer komt beskikber yn twa talen en sil sa'n 25 stellings befetsje oer saken as de sweeftrein en de Fryske taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)