Fryske stimbussen ticht

13 nov 2013 - 21:07
  • It stimburo yn it Fries Museum op it Saailân

De stimbussen yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren binne ticht. Oant njoggen oere jûns koene goed 165.000 Friezen har stim útbringe. Dat is ien tredde fan de Fryske befolking. De stimburo's yn de trije Fryske gemeenten wiene sûnt healwei achten woansdeitemoarn iepen.

De ynwenners mochten stimme fanwege in gemeentlike weryndieling en in gemeentlike fúzje. De opkomst wie yn alle trije gemeenten leger as by de ferkiezings fan 2010. De opkomst op stimburo 1 op De Jouwer wie 55,86%, 4% minder as yn 2010.

Ljouwert hie om 20.15 oere hinne in opkomst fan mar 36,14%. De gemeente Ljouwert wol nije wike ûndersykje wêrom't mar sa'n bytsje minsken woansdei gebrûk makke hawwe fan har stimrjocht. Op It Hearrenfean wie de opkomst ek leger as by de foarige ferkiezings. Krekte opkomstsifers wurde letter op de jûn bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)