Fryske steateleden stimme op eigen partij yn Earste Keamer

26 maaie 2015 - 16:11
  • Fryske steateleden stimme foar Earste Keamer

De Fryske steateleden hawwe tiisdei allegearre op harren eigen partij stimd foar de Earste Keamer. De measte Fryske stimmen giene nei CDA-listlûker Elco Brinkman: 9. Janny Vlietstra fan de PvdA krige 7 en VVD-listlûker Loek Hermans 5. Max Aardema fan de PVV krige 4 en Hendrik ten Hoeve fan de FNP krige ek 4 stimmen.

Wa't foar Fryslân yn de Earste Keamer komme, is offisjeel noch net dúdlik. De oare provinsjes stimme ek en der sit in ferdielkaai op. Wol liket it wis dat Joop Atsma en Loek Hermans yn de Earste Keamer komme.

De definitive útslach foar hiel Nederlân wurdt woansdei bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)