Fryske sportklups krije jild fan ministearje

30 sep 2015 - 11:17
  • In fuotbal

Fjouwer Fryske sportklups krije jild fan it ministearje fan folkssûnens. It giet om subsydzjes fan 'Sportimpuls', in projekt om minsken mear oan sport dwaan te litten. De klups dy't jild krije binne Reset Burgum, Sportdoarp Koudum, SC Boalsert en Adonis Drachten. Yn Burgum is in projekt opset foar bern dy't te dik binne. Koudum hat in sportprogramma ûntwikkele foar alle ynwenners en yn Boalsert wolle se 60-plussers yn beweging krije mei kuierfuotbal. Adonis hat in beweechdiploma betocht foar alle bern fan Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)